Skip to main navigation Skip to search Skip to main content

De dynamyk fan taalferoaring en taalkontakt: Palatalisearring yn it Aldfrysk

Activity: Talk or presentationAcademic

Description

Taalferoaring en taalkontakt binne gjin nije ferskynsels. Yn de skiednis fan it Frysk binne in protte gefallen hjirfan te sjen, dy’t yn ferskate fazen fan de taal plakhiene. Yn dizze presintaasje wurdt de saneamde Aldfryske palatalisearring ûndersocht. Hjirby wurdt spesifyk neigien ûnder hokker omstannichheden oft dizze ûntwikkeling syn beslach kriich, en hoe’t dit weromsjoen wurde kin yn it hjoeddeiske Frysk.

Palatalisearring is in lûdferoaring dy’t mei artikulaasjeplak te krijen hat (Bloemhoff e.o. 2015). It giet spesifyk om kiellûden (k, g, χ,) dy’t ûnder ynfloed fan oanbuorjende lûden ferskowe nei respektyflik de afrikaten ts en dz, of nei it heallûd j (Bremmer, 2009). Sa feroare de Aldgermaanske stamme kerla yn tserla (modern Frysk: keardel of tsjirl) (Bremmer, 2009).

Sokke lûdferoarings binne oer it generaal regelmjittige prosessen. Dit betsjut dat alle wurden dy’t derfoar yn oanmerking komme, beynfloede wurde (Millar, 2023). Dêrmei is trochstrings amper romte foar útsûnderings. Dochs binne yn de ferskate fazen fan it Frysk in protte wurden te finen dy’t gjin palatalisearring fertoane, wylst dat op grûn fan harren lûdomjouwing wol te ferwachtsjen is. De ienfâldichste ferklearring is dat dizze wurden noch net yn it Frysk foarkamen doe’t dizze feroaring syn beslach kriich, of dat se doedestiids in oare foarm hiene. Sa is it wurd kening nea beynfloede troch dizze lûdferskowing. De hjoeddeiske foarm is ûntstien út de foarm kuningaz en befette dus it lûd u, dy’t yn it Aldfrysk gjin palatalisearring feroarsake (Bremmer, 2009). In tredde oarsaak is taalkontakt mei it Nederlânsk. Hjirby jildt dat wurden ynearsten palatalisearre binne, mar dat se ûnder ynfloed fan ferlykbere Nederlânske foarmen sûnder palatalisearring harren palataal bylûd ferlern hawwe. Fierder hawwe guon hjoeddeiske wurden sawol in palatalisearre as in ûnpalatalisearre foarm, mar hjirby is de palatalisearre foarm yn de sprektaal net mear gongber (Loopstra, 1935). Dit jildt bygelyks foar it wurd keardel. De palatalisearre foarm tsjirl komt benammen yn de literatuer foar (Loopstra, 1935).

Taalferoaring is dus in dynamysk en kompleks proses dat yn ferskate fazen ferrint. Der binne in soad ynterne, mar ek eksterne faktooaren by behelle. Sa steane talen hieltyd mei inoar yn kontakt en se beynfloedzje inoar dêrtroch oanhâldend. De palatalisearring sels rint gelyk mei ferlykbere prosessen yn oare saneamde Noardseegermaanske talen, bygelyks it Aldingelsk (Loopstra, 1935 & Bremmer, 2009).
Period14 Nov 2025
Event titleThird Conference on Frisian Humanities: Bridges and Boundaries - Fryslân in a Global Context
Event typeConference
LocationLeeuwarden, NetherlandsShow on map
Degree of RecognitionInternational