Aanst is der net ien mear dy't wat wit fan de feehannel

    Press/Media: Research

    Description

    De feehannel is ûnderbeljochte yn de Fryske skiednis, en it wurdt heech tiid dat dat feroaret. Dat seit Siebren van der Zwaag. Hy hat mei syn fiif neven it inisjatyf naam foar in boek oer de âlde feehannel.

    "No binne der noch in soad lju, dy't de typyske sfear en hektyk fan 'e feemerken meimakke hawwe. Dat moatte we fêstlizze, foardat aanst net ien it mear wit." Van der Zwaag en syn neven ha allegearre yn de feehannel sitten.

    De feehannel en feemerken ha in wichtich plak hân yn it maatskiplik libben. Noch net iens sa lang lyn wiene der ferpraat oer de provinsje in soad wike- en jiermerken dêr't fee op ferhannele waard. Troch de skaalfergrutting en sintralisearring wurdt hjoed-de-dei allinne yn Ljouwert noch feemerken hâlden.

    De Fryske Akademy siket noch in frijwilliger dy't ûndersyk dwaan wol foar it boek oer de feehannel. Dat giet dan om argyfûndersyk, mar ek om fraachpetearen en it sammeljen fan byldmateriaal.

    Reimer Strikwerda sil it boek skriuwe. Hy wie redakteur fan it fakblêd Veeteelt, en hat mear boeken skreaun oer agraryske ûnderwerpen. It is de bedoeling dat er takom jier genôch materiaal hat om oan it boek oer de feehannel te begjinnen.

    Period06 Dec 2017

    Media coverage

    1

    Media coverage