Alle 70.000 wurden fan it Frysk Hânwurdboek foarlêze

  • A. Dykstra

Press/Media: Public Engagement Activities

Description

By de Fryske Akademy wurdt dizze simmer it folsleine Frysk Hânwurdboek, mei dêryn sa'n 70.000 wurden, foarlêzen. Dêrfoar siket de akademy noch wol lêzers. Sy kinne in kertierke - of mear - foarlêze.

De foarlêsmaraton is keppele oan in goed doel. Foarlêzers kinne harren sponsorje litte. Dat jild giet nei ien of mear laptops foar taalstipe op lokaasje yn Fryslân troch Stichting Lezen & Schrijven.

Dêrneist neamt de Fryske Akademy it foarlêsprojekt ek "in earbetoan oan de Fryske taal", want troch it yntegraal foarlêzen fan it wurdboek én it opnimmen dêrfan, ûntstiet in korpus sprutsen Frysk. Dat liedt foar ûndersikers ta nijsgjirrige nije ynsichten.

Der binne fan it simmer mear taalinisjativen yn de tún fan de Fryske Akademy: lêzingen oer bistetaal, kaarten mei ynformaasje oer de Fryske taal en skiednis, gedichten fan de dichtwedstriid oer de Fryske Akademy en Fryslân, taalfilmkes en ferhalen fan sprekkers yn ien fan de 60 oare (regionale) talen dy't Ljouwert ryk is.

It foarlêsprojekt set útein mei de iepening fan it simmerseizoen op 25 maaie. Wa't meidwaan wol, kin him of har opjaan fia de webside fan de Fryske Akademy.

 

Period09 May 2018

Media coverage

1

Media coverage

Other

TitleFoarlêsmaraton Frysk-Frysk Hânwurdboek
LocationTún Fryske Akademy, Ljouwert, Netherlands
Period25 May 2018 → 21 Sept 2018
Linkhttps://www.fryske-akademy.nl/lf2018/