Binne lange lûden yn it Frysk eins twilûden? (In dei Frisian Humanities)

  • Didier Demolin

Press/Media: Other

Description

Friezen dy’t it weagje om ynstee fan ‘tiid’ ‘tied’ te sizzen, kinne op krityk rekkenje. Yn dat wurd ferwachtsje in protte minsken in lange i-klank, net in saneamd twilûd. In twilûd bliuwt by it útsprekken net itselde, mar feroaret yn in oare klank. Yn it gefal fan ‘tied’ is dat in u-achtige klank, dy’t yn ‘e taalkunde ‘sjwa’ neamd wurdt.

Mar hat it Frysk eins wol lange klanken? Dy fraach stelde Didier Demolin hjoed op it kongres Frisian Humanities yn Ljouwert. Demolin wurket eins oan ‘e Université Paris 3, mar sit op it skoft as gastûndersiker by de Fryske Akademy om allegear details fan ‘e Fryske útspraak te bestudearjen. De lange lûden hearre dêrby. Op ‘e kompjûter kin er heel krekt neigean wat minsken sizze en proefpersoanen krije sels in pypke yn ‘e noas, sadat de ûndersiker neigean kin hokker klanken oft se nasaal útsprekke.

Period23 Apr 2018

Media coverage

1

Media coverage