Biograaf Liuwe Westra: "Tony Feitsma libbe sân dagen yn de wike foar it Frysk"

Press/Media: Research

Description

Yn har priveelibben, as wittenskipper en as taalbeweger: heechlearaar Tony Feitsma (1928-2009) wie sân dagen yn de wike mei de Fryske taal en kultuer besteld.
Sa'n trije jier hat predikant en literêr oersetter Liuwe Westra dwaande west mei syn biografy oer Tony Feitsma. 'Pionier foar it Frysk. Libben en striid fan Tony Feitsma (1928-2009)' waard ôfrûne woansdei oerlange oan kommissaris fan de Kening Arno Brok.
Dat de biografy fan Feitsma der komme moast, stie foar Westra as in peal boppe wetter. "As jo jo tusken 1960 en 2000 dwaande hâlden mei it Frysk, op hokker mêd dan ek, dan koene je net om Tony Feitsma hinne. Se kaam altyd op je paad. Sy hie oer alles in miening en in stânpunt en dat liet se ek hearre. Se hat it Frysk yn dy tiid hiel bot stimpele.

Period18 Sep 2022

Media coverage

1

Media coverage