It Feitsma Fûns lit witte, dat it projekt ‘wittenskiplike biografy fan Tony Feitsma’ offisjeel úteinset is, mei Tresoar en de Fryske Akademy as wittenskiplike partners, en dr. Liuwe H. Westra út Lollum as biograaf.

Prof. dr. Anthonia Feitsma (1928-2009) hat hast har hiele libben dwaande west mei de kombinaasje fan Fryske taalwittenskip en Fryske beweging. Op beide gebieten makke hja grutte feroaringen mei, dy’t se foar in part ek yn gong sette. Har libben is nijsgjirrich omdat dêryn in tal yngripende feroaringen yn taalwittenskip, taalbeweging en maatskippij byinoar kamen. Har wurk is noch altyd fan betsjutting foar hoe’t wy no yn ’e Fryske mienskip tsjin de Fryske taal oan sjogge.

Tresoar hat fan it begjin ôf as behearder fan it argyf fan Tony Feitsma by it projekt belutsen west en wie by de earsten dy’t in bydrage tasein hawwe om de biografy mooglik te meitsjen. Yn juny hat ek it Fryske Akademy Fûns in bydrage tasein. De biografy sil boppedat opnommen wurde yn ’e publikaasjerige fan ’e Fryske Akademy, en Liuwe Westra wurdt as biograaf gastûndersiker by de Fryske Akademy.

De begeliedingskommisje wurdt foarme troch: Redbad Veenbaas (bestjoerslid Feitsma Fûns; foarsitter), Alex Riemersma (adviseur Feitsma Fûns; skriuwer), Maaike Andringa (dosintFrysk Gymnasium Piter Jelles, as fertsjintwurdiger fan ’e jongste generaasje frisisten), Meindert Reitsma (Tresoar), Pieter Duijff (Fryske Akademy), Goffe Jensma (heechlearaar Frysk en minderheidstalen oan ’e Ryksuniversiteit fan Grins).

It projekt is no foar € 143.000 dutsen troch bydragen fan it Feitsma Fûns sels, Tresoar, de Provinsje Fryslân, de eardere gemeente Dongeradiel, it Prins Bernhard Cultuurfonds, de Fryske Akademy en in crowdfundingsaksje. It ‘jildkroadzjen’ hat oant no ta € 11.000 opsmiten. It seit himsels dat it Feitsma Fûns tige bliid is, net allinnich mei alle finansjele stipe, mar ek mei de wittenskiplike erkenning en it draachflak yn ’e mienskip. It Fûns hat der betrouwen yn dat it gat yn ’e begrutting fan € 28.000 yn ’e rin fan ’e kommende twa jier tichte wurde sil.

References

TitleBiograaf Tony Feitsma giet fan start
Degree of recognitionRegional
Media name/outletIt Nijs
Media typeOnline journalism
CountryNetherlands
Date10/08/2019
URLhttps://www.itnijs.frl/2019/08/biograaf-tony-feitsma-giet-fan-start/
PersonsLiuwe Westra

Description

It Feitsma Fûns lit witte, dat it projekt ‘wittenskiplike biografy fan Tony Feitsma’ offisjeel úteinset is, mei Tresoar en de Fryske Akademy as wittenskiplike partners, en dr. Liuwe H. Westra út Lollum as biograaf.

Prof. dr. Anthonia Feitsma (1928-2009) hat hast har hiele libben dwaande west mei de kombinaasje fan Fryske taalwittenskip en Fryske beweging. Op beide gebieten makke hja grutte feroaringen mei, dy’t se foar in part ek yn gong sette. Har libben is nijsgjirrich omdat dêryn in tal yngripende feroaringen yn taalwittenskip, taalbeweging en maatskippij byinoar kamen. Har wurk is noch altyd fan betsjutting foar hoe’t wy no yn ’e Fryske mienskip tsjin de Fryske taal oan sjogge.

Tresoar hat fan it begjin ôf as behearder fan it argyf fan Tony Feitsma by it projekt belutsen west en wie by de earsten dy’t in bydrage tasein hawwe om de biografy mooglik te meitsjen. Yn juny hat ek it Fryske Akademy Fûns in bydrage tasein. De biografy sil boppedat opnommen wurde yn ’e publikaasjerige fan ’e Fryske Akademy, en Liuwe Westra wurdt as biograaf gastûndersiker by de Fryske Akademy.

De begeliedingskommisje wurdt foarme troch: Redbad Veenbaas (bestjoerslid Feitsma Fûns; foarsitter), Alex Riemersma (adviseur Feitsma Fûns; skriuwer), Maaike Andringa (dosintFrysk Gymnasium Piter Jelles, as fertsjintwurdiger fan ’e jongste generaasje frisisten), Meindert Reitsma (Tresoar), Pieter Duijff (Fryske Akademy), Goffe Jensma (heechlearaar Frysk en minderheidstalen oan ’e Ryksuniversiteit fan Grins).

It projekt is no foar € 143.000 dutsen troch bydragen fan it Feitsma Fûns sels, Tresoar, de Provinsje Fryslân, de eardere gemeente Dongeradiel, it Prins Bernhard Cultuurfonds, de Fryske Akademy en in crowdfundingsaksje. It ‘jildkroadzjen’ hat oant no ta € 11.000 opsmiten. It seit himsels dat it Feitsma Fûns tige bliid is, net allinnich mei alle finansjele stipe, mar ek mei de wittenskiplike erkenning en it draachflak yn ’e mienskip. It Fûns hat der betrouwen yn dat it gat yn ’e begrutting fan € 28.000 yn ’e rin fan ’e kommende twa jier tichte wurde sil.

Period10 Aug 2019

ID: 11429414