De sosjale media: min Frysk of gjin Frysk

Press/Media: Public Engagement Activities

Description

Frysktaligen skrilje gauris tebek foar it brûken fan harren memmetaal op ’e sosjale media. Dat jildt foar de jongerein minder as foar folwoeksenen. Dat docht bliken út ûndersyk fan ’e Fryske Akademy.

Undersykster Lysbeth Jongbloed seit dat benammen âldere brûkers flaterfrij skriuwe wolle. As se de Fryske stavering net goed behearskje, kieze se gauris foar it Hollânsk. Jongelju fiele de beheinde behearsking minder as in drompel: hja skriuwe wol yn it Frysk, mar dan mei in soad flaters deryn.

Bettere Fryske les op skoalle
Frou Jongbloed seit dat alle skoallen yn Fryslân soargje moatte foar goede Fryske lessen. Mei útsûndering fan de trijetalige skoallen, sa’n 12 persint fan it totaal, stribje skoallen meastal net nei in folsleine skriftlike behearsking fan ‘e Fryske taal. Dat dat oars moat, is ek it betinken fan it provinsjebestjoer. Deputearre Sietske Poepjes seit dat it gebrûk fan it Frysk op ‘e sosjale media normaal wurde moat en gjin útsûndering mear wêze mei.

Sniebaleffekt
Op WhatsApp wurdt it measte Frysk brûkt: hast 80% fan ‘e Frysktaligen skriuwt dêr faak of altyd yn it Frysk. Op Facebook en Twitter bart dat folle minder: sa’n trijefearnspart skriuwt dêr mar inkeldris of nea it Frysk. De reden is dat dêr faak in widere rûnte fan minsken meilêst. Friezen binne dan bang dat guon minsken it Frysk net lêze kinne en kieze foar it Hollânsk. Wol antwurdet in grutte mearderheid fan ‘e Frysktalige Friezen (92%) as regel yn it Frysk op Frysktalige berjochtsjes. Frou Jongbloed wiist derop dat ien dy’t Frysk brûkt dêrtroch “in snielbaleffekt” ta stân bringt.

In ferslach fan it ûndersyk fan Lysbeth Jongbloed is ferskynd ûnder de namme Friezen op sosjale media. It is fergees te krijen op it webstee fan ‘e Fryske Akademy

Period03 Dec 2015

Media coverage

1

Media coverage