De talen fan ús bern. In fragelist foar (oansteande) âlders yn Fryslân

Press/Media: Research

Description

Foar ûndersyk nei taaloerdracht yn ’e opfieding binne Afûk en it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) op ’e syk nei oansteande âlders en âlders mei jonge bern yn Fryslân. Mei in fragelist wolle sy mear te witten komme oer hoe’t it is om in âlder yn Fryslân te wêzen, mar ek hokfoar stipe âlders graach krije wolle soene wat taal oanbelanget. Bysûnder oan it projekt is dat der sjoen wurdt nei sawol âlders dy’t besletten hawwe om it Frysk troch te jaan oan harren bern as âlders dy’t besletten hawwe om it Frysk net troch te jaan oan harren bern.

Period12 Feb 2025

Media coverage

1

Media coverage