Dei fan de memmetaal: "It Frysk fielt faak al gau fertroud, it is wat eigens"

Press/Media: Public Engagement Activities

Description

De Fryske taal is wat eigens. Dêr fiele in soad minsken har komfortabel by. Dat seit Jelske Dijkstra fan de Fryske Akademy, nei oanlieding fan Ynternasjonale Memmetaaldei. "Dêrneist is it ûnderdiel fan de identiteit."
Do bist op fakânsje yn it bûtenlân en rinst ynienen Friezen tsjin it liif. Hoe is dan it kontakt mei harren? "Meastal fielt dat al gau fertroud", seit Jelske Dijkstra. Se is projektmanager fan it Mercator Europeesk Kennissintrum fan de Fryske Akademy.
Ek yn de soarch kin de Fryske taal fan betsjutting wêze, ferfolget se. "Alderen lykje har makliker iepen te stellen op it momint dat in dokter ek Frysktalich is." Net sa nuver, mient se. "It Frysk is foar in soad minsken wat eigens. Eat dêr't in soad minsken har komfortabel by fiele."
Period21 Feb 2025

Media coverage

1

Media coverage

Film screening

Title
LocationSlieker, Ljouwert, Netherlands
Period21 Feb 2020