Deputearre kritysk op Frysk fan KH2018

Press/Media: Research

Description

It Frysk moat folle sichtberder wurde by de Kulturele Haadstêd, sadat ek gewoane Friezen út de doarpen har mear belutsen fiele by Ljouwert 2018. Dat seit deputearre Sietske Poepjes as reaksje op in ûndersyk fan de Fryske Akademy nei it taalgebrûk fan de Kulturele Haadstêd op Twitter. Neffens dat ûndersyk fan Lysbeth Jongbloed is heechút ien prosint fan de tweets fan de kulturele haadstêd yn Frysk. Ek yn de kampanjes brûkt de Kulturele Haadstêd oant no ta net folle Frysk.

Deputearre

It behearskjen fan it Frysk is ek gjin funksje-eask yn personielsadvertinsjes fan de Kulturele Haadstêd. Deputearre Sietske Poepjes fynt ien persint Fryske tweets te min en sil de kulturele haadstêd dêr ek op oansprekke. De deputearre rekkenet derop dat de Kulturele Haadstêd op koarte termyn mear en faker it Frysk brûke sil yn har kommunikaasje.

Webside

Wurdfierder Radboud Droog fan de Kulturele Haadstêd erkent dat it persintaazje Fryske tweets mar ien persint is, mar wiist der wol op dat website www.2018.eu wol yn it Frysk beskikber is. Alle berjochten fan Kulturele Haadstêd 2018 wurde fuortendaliks yn it Frysk oerset, sa seit Droog. Hy herkent him dan ek net yn de krityk dat it Frysk ûndersnije soe by de Kulturele Haadstêd. Neffens Droog steane der ferskate projekten op priemmen mei in grutte rol foar de Fryske taal. Droog ferwiist ûnder oare nei it projekt as 'Lân fan taal' by de Aldehou en yn de Prinsetún, dat hielendal yn it teken stiet fan it Frysk en meartaligens.

Trijetalich

Droog seit fierder dat Kulturele Haadstêd 2018 der is foar 'alle Nederlanners en hiel Europa' en dan leit kommunikaasje yn it Frysk wer minder foar de hân'. Deputearre Poepjes is net ûnder de yndruk fan dat argumint. Kommunikaasje yn it Nederlânsk en it Ingelsk hoecht fansels net út te sluten dat je dat op itselde momint ek yn it Frysk dogge. Neffens frou Poepjes slút dat ek better oan by it sintrale tema 'mienskip'.

Period22 Oct 2016

Media coverage

1

Media coverage