Direkteur Hanno Brand hâldt op by Fryske Akademy

Press/Media: Other

Description

Direkteur-bestjoerder Hanno Brand fan de Fryske Akademy leit takom jier syn funksje del. Hy wol him wer folslein op de wittenskip rjochtsje. Brand is no hast fiif jier direkteur fan de Akademy en wol net nochris foar in perioade fan fiif jier beneamd wurde.

De Fryske Akademy wurket de kommende tiid oan in takomstfyzje. Dat is needsaaklik, om't der fanút de provinsjale oerheid en it bedriuwslibben hieltyd minder jild komt foar wittenskiplik ûndersyk, sa skriuwt de Akademy. De ried fan tafersjoch fan de Akademy hat âld-foarsitter Willem Smink fan de ried fan bestjoer fan de NHL frege om te helpen by it ûntwikkeljen fan dy takomstfyzje.

Period15 Dec 2017

Media contributions

1

Media contributions