Elk zijn signatuur en eigenheid, dat helpt het denken verder

Press/Media: Expert Comment

Description

Een krant met een eeuwenoud referentiekader, in een voor landelijke begrippen rijk medialandschap. Een paar typeringen van een kleine selectie uit de velen die het Friesch Dagblad - en zijn hoofdredacteur- goed kennen.

De typyske FD-line
It inisjatyf foar it oparbeidzjen fan Fryske Akademy en Friesch Dagblad yn 'e moaie rige oer de skiednis fan Fryslân kaam fan Lútsen Kooistra en is realisearre yn oparbeidzjen tusken syn broer Douwe en 'e histoarisy fan 'e Fryske Akademy, dy't dêr allerhanne nijsgjirrige nije feiten en sjochwizen yn presin-tearren. De rige is yn boekfoarm útjûn troch Bornmeer, as FA-
publikaasje, mei in finansiering dy't Lútsen regele hie. De útjefte foarseach dúdlik yn in ferlet: der is in twadde printinge fan ferskynd en dit publyksboek wurdt no, hast tsien jier letter, op 'en nij printe.
In goed each foar en in positive ynset yn kwestjes dy't de Fryske taal, kultuer, skiednis en identiteit oanbelangen, dat is in âlde, grutte en sterke FD-tradysje, dy't Kooistra op allerhanne wizen fuortset en fernijd hat.
Noch in oare FD-tradysje dy't Lútsen fuortset hat, is syn posityf en tagelyk kritysk kristlike ynstek op 'e wrâld, oft it no te rêden is om tsjerke of polityk, om miljeu en natoer, om morele kwestjes of kultuer, en mei in iepen each foar de wrâld.
Foarhinne  kaam  sneinsfuotbal net yn it FD, tsjintwurdich wol. Oer teologyske en kristen-radikale ûntjouwings binne gauris ferrassend fariearre opinys yn it FD te finen. Dat die ek bliken doe't it CDA yn see gien wie mei de PVV, ek al wie dat dan yn in gedoochkonstruksje. Politike ûntjouwings yn Fryslân en dêrbûten wurde yn it FD kritysker folge as yn 'e LC.
Fryslân sit yn 'e bysûndere sitewaasje dat twa regionale kranten elk út in eigen ynfalshoeke wei it nijs buorkundich meitsje. De lêzer dy't beide kranten njonkeninoar leit en der wurdt grute, dat 60 persint fan 'e Fryske krantelêzers dat wolris docht
wurdt sa de kâns op in nuansearre mieningsfoarming oangeande it regionale nijs bean. It FD ûnderskiedt him dêrby troch in positive en kritysk-kristlike hâlding foar polityk, wittenskip, kultuer en maatskiplike sinjouwing oer. It is in typyske FD-line, dêr't Lútsen Kooistra mei sin oan fêsthâldt. Allinne dêrom al is dizze krante in weardefol platfoarm. De redaksje giet it kritysk wittenskiplik debat net út 'e wei, mar ferbynt krityk mei deeglike sjoernalistyk, lykas in breed útmetten diskusje oer de lêste staveringsoanpassing.

Period22 Apr 2017

Media coverage

1

Media coverage

  • TitleElk zijn signatuur en eigenheid, dat helpt het denken verder
    Media name/outletFriesch Dagblad
    Duration/Length/SizeLeeuwarden
    Date22/04/2017
    PersonsA.J. Brand