Fernijde Fryske Akademy iepene troch prinsesse Laurentien

Press/Media: Other

Description

Prinsesse Laurentien hat freed yn Ljouwert it fernijde en restaurearre gebouwekompleks fan 'e Fryske Akademy iepene. De Fryske Akademy, dy't yn 1938 oprjochte waard as wittenskiplik ynstitút foar de Fryske taal en kultuer, is ûnderbrocht yn it monumintale 18de-iuwske Coulonhûs en de omlizzende pannen. Foar it earst sûnt it yn gebrûk nimmen troch de Fryske Akademy binne dizze pannen folslein restaurearre en oanpast oan 'e easken fan dizze tiid.

De offisjele iepening fan 'e gebouwen troch prinsesse Laurentien is ûnderdiel fan in grutter programma om de fernijde Fryske Akademy hinne. Sa waard tongersdei yn 'e tún fan 'e Akademy in wittenskiplik kongres hâlden oer Fryslân yn it ûndersyk fan 'e KNAW-ynstituten. Nei de offisjele iepening troch de prinsesse freed, folget yn it Natuermuseum in programma mei lêzingen dy't yn it teken steane fan arsjitektuer en de werbestimming fan gebouwen.

Period09 Sept 2016

Media coverage

1

Media coverage