Yn de gemeenterieden yn Fryslân wurdt Frysk en Nederlânsk praat. Riedsleden skeakelje geregeld tusken de talen hinne en wer, somtiden sels binnen in sprekbeurt. Friezen sels draaie dêr de hân net foar om, mar foar programmatuer om spraak werom te kennen is dat skeakeljen tige yngewikkeld. Yn it ramt fan tagonklikens jildt sûnt septimber 2020 in lanlike ferplichting om opnamen fan riedsgearkomsten te ûndertiteljen. Foar it Frysk waard in tydlike útsûndering makke, mar mei yngong fan dizze simmer moatte Friezen dy’t dôf binne of in min(der) gehoar hawwe of dy’t oaren by it folgjen fan in debat net steure wolle, de opnamen fan gemeenteriedsgearkomsten ek mei ûndertiteling yn harren eigen taal weromsjen kinne.
It automatysk ûndertiteljen fan riedsgearkomsten dêr’t sawol Frysk as Nederlânsk yn praat wurdt, smyt de nedige útdagingen op. “It Frysk en it Nederlânsk krûpe nei-inoar ta, benammen yn sprektaal”, seit Jelske Dijkstra, taalûndersiker by de Fryske Akademy. “It komt faak foar dat in Nederlânsk wurd dêr’t noch gjin Fryske wjergader foar is, dan mar op syn Frysk útsprutsen wurdt.” It omkearde is ek in bekend ferskynsel. Tink mar oan it frisime ‘uitnaaien’.