Hoefolle talen wurde yn Ljouwert sprutsen? Mercator wol nij ûndersyk dwaan

Press/Media: Public Engagement Activities

Description

Europeeske stêden wurde hieltyd mear 'hotspots' fan taalferskaat, oftewol plakken dêr't tsientallen ferskillende talen praat wurde. Yn Ljouwert praten taalsosjologen út hiel Europa dêrom dizze wike oer it tema 'Minderheidstalen yn 'e stêd'.
Dat bart op útnûging fan it Europeesk kennissintrum Mercator fan de Fryske Akademy. It giet likegoed om talen fan migranten as om Europeeske minderheidstalen. Neffens taalsosjologen is der folle mear ûndersyk nedich nei it taalferskaat yn de stêd, want op in soad plakken hawwe stedsbestjoerders en ûnderwiisminsken der gjin idee fan hoefolle talen oft krekt yn harren stêd praat wurde.
Period18 Mar 2023

Media coverage

1

Media coverage

Conference

Title
LocationOranje Hotel, Leeuwarden, Netherlands
Period16 Mar 2023 → 17 Mar 2023
Linkhttps://www.mercator-research.eu/city/