Iepening monumint Aldekleaster by Hartwert

Press/Media: Public Engagement Activities

Description

By Hartwert is op 10 juny in monumint ûntbleate op it plak fan it eardere Aldekleaster of Blomkamp.
It monumint bestiet út in lyts muorke fan autentike âlde friezen dy’t noch út it kleaster komme – mei tank oan Nijkleaster, dy’t se al krige hie – mei in finster dêr’t presys troch útsjoen wurdt op it plak dêr’t it kleaster net mear is. Ynformaasjebuorden jouwe in prachtige yndruk hoe grut en bysûnder oft it kompleks yn syn gloarjetiid wol net west hat. It monumint waard ûntbleate troch Hans Mol, heechlearaar mjirkes yn ’e skiednis fan ’e Fryske lannen mei help fan foarsitter Pyt Jaarsma. It monumint waard ludyk ynseinige troch Titus Hettinga yn ’e rol fan abt.

Period10 Jun 2023

Media contributions

1

Media contributions