It Frysk ferbynt op it ynternet

Press/Media: Public Engagement Activities

Description




Lysbeth Jongbloed-Faber fan de Fryske Akademy presintearre op de betinking fan de Slach by Warns op 27 septimber 2014 – dy’t as tema hie ‘Frysk ferbynt!’ – resultaten fan har ûndersyk nei it brûken fan it Frysk op it ynternet. Har bydrage is hjirûnder yntegraal werjûn.

Troch it ûndersyk dêr’t ik by it Kennissintrum foar Meartaligens Mercator op de Fryske Akademy mei dwaande bin, kom ik sawol yn it deistich libben as op sosjale media lykas Twitter mei hieltyd mear Friezen yn ferbining. Sa ek mei in sekere Meindert Reitsma út Wytgaard. As ik in pear wike letter in mail krij fan ús muoike dêr’t se my wiist op in achterneef dy’t in wike yn de skriuwersark fan Rink van der Velde ferbliuwt, docht bliken dat dy Meindert Reitsma myn achterneef is. Troch it Frysk wie ik op Twitter al mei him ferbûn. En net allinnich mei Meindert, mar ek mei Arjan, Silvia, en bygelyks Erik. Friezen sykje inoar op, op fakânsje, mar ek online.
Hjoed bin ik hjir om jimme wat te fertellen oer it taalgebrûk fan Fryske jongerein op sosjale media. Ik haw dêr it ôfrûne jier mei finansjele stipe fan de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert ûndersyk nei dien. De jeugd hat de takomst. As dy jeugd trochgiet mei it brûken fan it Frysk, dan sjocht it der foar it Frysk goed út.
Fan de Fryske jeugd is krapoan de helte Frysktalich, ientredde part is Nederlânsktalich en ien op de tsien hat in Frysktalige en in Nederlânsktalige âlder. Yn it noarden fan de provinsje binne yn ferhâlding de measte jongeren grutbrocht yn it Frysk, en yn de gruttere plakken lykas Ljouwert, Drachten en it Hearrenfean leart mar in lyts part fan de jongelju Frysk fan harren âlden.

It binne benammen de jongeren mei twa Frysktalige âlden dy’t it Frysk in soad brûke. Fjouwer op ’e fiif fan dy jongeren praat faak of altyd Frysk mei harren freonen.  Yn ’e regel wurdt it Frysk skriftlik net sa’n soad brûkt. Sa’n 12% fan de Fryske befolking fan 18 jier en âlder jout oan it Frysk goed skriuwe te kinnen, sa bliek yn 2011 út de taalatlas fan de Provinsje. Ut dyselde taalatlas docht ek bliken dat wat âlder immen is, wat better immen it Frysk behearsket. Lykwols, om’t der yn it ûnderwiis hieltyd mear omtinken foar it Frysk is, kinne de nije generaasjes dy tendins miskien ombûge. En yndied, yn myn ûndersyk jout 15% fan de jongeren tusken de 14 en 18 jier oan it Frysk goed skriuwe te kinnen. Dat oandiel leit dus krekt wat heger as it oandiel folwoeksenen dat goed Frysk skriuwe kin en dat soe dus yndied in omkear betsjutte.

De lêste tiid is der in soad te dwaan oer it útstjerren fan talen om’t dy talen op it ynternet net brûkt wurde. It Frysk docht it op ynternet bêst aardich: goed 30 tûzen siden op wikipedia, der is no in begjin makke mei it Frysk op Google Translate en der binne moai wat siden dy’t Fryske content hawwe. Bygelyks, de keatsferiening fan Easterein lit sjen dat soks ek fanselssprekkend wêze kin: har webside is folslein Frysktalich. Ek op sosjale media wurdt der in soad Frysk brûkt. It aktyf brûken fan in taal op sosjale media soe it útstjerren fan in taal foarkomme kinne om’t de taal ek yn dat domein in funksje hâldt en it op it stuit no ien kear in hiel wichtich, en somtiden hast it ienichste kommunikaasjemiddel is.

Want de jongerein fan no is in hiel soad aktyf op sosjale netwurken, se wurde der mei wekker en se gean der mei op bêd. Benammen ‘WhatsApp’ is tige populêr: hast de helte fan de jongerein seit: “Allinnich as ik sliep sjoch ik net”. Op datselde WhatsApp wurdt troch de jongerein ek it measte Frysk brûkt: sawat de helte fan de Frysktalige jongerein brûkt faak of altyd Frysk op Whatsapp. Op oare sosjale media lykas Twitter en Facebook wurdt it Frysk wat minder faak brûkt: op Twitter brûkt in kwart fan de jongerein faak of altyd Frysk en op Facebook leit dat noch wat leger. Lykwols wurdt yn trochsnee, op alle sosjale media, ek troch de Frysktalige jongerein, it Nederlânsk faker brûkt as it Frysk. Fan de Frysktalige jongeren dy’t it Frysk op sosjale media net brûke, jout it grutste part oan dat beheinde skriuwfeardigens dêr in rol yn spilet. Fierder falt op dat de measte jongelju dy’t it Frysk wol brûke op sosjale media, it Frysk fonologysk skriuwe, sa as se it útsprekke. Se fine it te folle wurk om dakjes en streekjes te typen, mar in soad witte ek net wannear’t se dakjes en streekjes brûke moatte.

Ut myn ûndersyk, mar ek út oare ûndersiken, docht bliken dat de hâlding foar in taal oer tige wichtich is. As minsken in taal net moai fine, of as se tinke dat it brûken fan in sekere taal in legere status jout, sille se de taal minder brûke. Der wurdt sein dat Frysk de taal fan it hert is fan ús Friezen. Yndied hâlde de Frysktalige jongeren in hiel soad fan it Frysk: de Fryske taal heart by harren, se fine it in moaie taal en se fiele harren der tige fertroud mei. Mar, spitigernôch binne yn trochsnee de ferskillen tusken Nederlânsktalige en Frysktalige jongelju grut: de measte Nederlânsktalige jongeren hâlde net sa fan it Frysk. Meastentiids nimme de mingde Frysk-Nederlânsktalige jongeren in middenposysje yn. Hokker memmetaal oft de jongeren hawwe, is dus fan grutte ynfloed op de hâlding. Dêrneist hat de Frysktalichheid en de trochsnee hâlding op skoalle ek in soad ynfloed.
De skoallen hawwe dus in wichtige rol foar de takomst fan it Frysk, sawol oangeande de hâlding as skriuwfeardigens. Mei de foarkartaal dy’t in persoan hat, beynfloedzje dy faktoaren it taalgebrûk op sosjale media it meast.

Jongeren op meartalich fuortset ûnderwiis brûke mear Frysk op sosjale media, se binne positiver oer it Frysk en harren kompetinsjes op it mêd fan Frysk skriuwen lizze ek heger. It binne krekt dy faktoaren dy’t neffens saakkundigen fan grut belang binne foar in taal om de 21ste ieu te oerlibjen: it útwreidzjen fan it tal meartalige skoallen yn Fryslân liket dêrom in hiel ferantwurd doel om op yn te setten yn de kommende jierren.
It Frysk wurdt ek online sichter makke troch de kampanje PraatMarFrysk fan de Afûk. Se meitsje minsken, en benammen ek de jongerein der fan bewust dat Frysk brûke op sosjale media mei. Se hawwe dêrmei in spontane en groeiende taalmienskip kreëarre dy’t Friezen mei-inoar ferbynt. De oprop fan PraatMarFrysk om mei te dwaan oan myn nij ûndersyk nei taalgebrûk fan Friezen op sosjale media hat dêrom in ferskaat oan reaksjes opsmiten: net allinnich ynwenners fan Dokkum en Wommels follen de enkête yn, mar ek in soad Friezen om utens dienen mei. Op ’e nij kin ik dêrom sizze dat it Frysk ferbynt, ek op Facebook en Twitter.
Konkludearjend: it ûndersyk toant oan dat it Frysk yn ’e digitale wrâld net útstjerre sil. Mar, der binne wol in tal kanttekenings by te pleatsen. Troch de jongeren dy’t yn it Frysk grutbrocht binne, wurdt it Frysk reedlik faak brûkt, mar yn trochsnee wint it Nederlânsk it, ek by dy groep, op alle mêden: it wurdt op elts medium en by alle soarten berjochten mear brûkt. Fierder kinne wy ús ôffreegje yn hoefier’t der in ferlies fan taalfeardigens plak fynt: de measte jongeren skriuwe it Frysk fonologysk. Se staverje net goed of fine it net nedich om goed staverje te kinnen. Ek harren beheinde wurdskat en it brûken fan Hollânske farianten fan wurden dy’t ek yn it Frysk bestean, soargje foar in ferienfâldiging fan de taal. Ta beslút leit it gefaar fan ferlies fan prestiizje op ’e loer: ek al hawwe de measte Frysktalige jongeren in positive hâlding foar it Frysk oer, de trochsnee hâlding fan harren Nederlânsktalige kammeraten is in stik negativer. As dat yn Fryslân de oerhân kriget, kin dat fiergeande konsekwinsjes hawwe.

It Frysk ferbynt, ek op ynternet. By guon binne dat nije ferbiningen, by de jongerein sil it foaral gean om de ferbiningen mei besteande kontakten te ferstevigjen. Dat sa’n grut part fan de Frysktalige jongerein derfoar kiest om Frysk te brûken en net massaal op it Nederlânsk oergiet, soe wolris it ferskil betsjutte kinne foar it oerlibjen fan de Fryske taal, mei of sûnder breedtekens.

Period27 Sep 2014

Media coverage

1

Media coverage