Syn funksje as projektlieder fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen brocht Cor van der Meer de hiele wrâld oer. Tweintich jier lang sette er him yn foar regionale en minderheidstalen en brûkte dêr graach de Fryske situaasje by as in laboratoarium fan meartaligens. Koartlyn is er mei pensjoen gien.
Cor van der Meer hat syn taken oerdroegen oan frou dr. Jelske Dijkstra, dy’t al jierrenlang as ûndersiker ferbûn is oan sawol it Mercator Europeesk Kennissintrum as de Fryske Akademy. Frou Dijkstra hat har PhD behelle op it mêd fan linguistyk, en is spesjalisearre yn spraaktechnology en yn de taalûntwikkeling fan meartalige bern.
Frou Dijkstra: “Ik sjoch dernei út om mei it Mercatorteam bysûnder en nijsgjirrich ûndersyk te dwaan en om, yn oparbeidzjen mei oare kennisynstituten, ynspirearjende produkten te ûntwikkeljen foar bygelyks it ûnderwiisfjild.