Nei 13 jier krewearjen is it klear: it Graet Hylper Wordebook

Press/Media: Research

Description

It Hylpers is dan wol in Frysk dialekt, mar hat in eigen ûntjouwing trochmakke, sadat it hjoed-de-dei aardich fan it gewoane Frysk ôfwykt. Foar wa't wol wat help by it begripen fan it Hylpers brûke kin, is der no it Graet Hylper Wordebook. It mear as tûzen siden tellende wurdboek ferskyntop freed 29 maart.

Der bestie al in Hylper Wurdboek, fan Gosse Blom út 1981, dochs is yn 2006 op de Fryske Akademy besletten om in nije en wiidweidiger ferzje te meitsjen. Nei jierren fan krewearjen ferskynt no lang om let it Graet Hylper Wordebook. De auteurs binne Gosse Blom silger en Siebren Dyk, mei stipe fan Wiebe Zoethout.

De earste eksimplaren fan it wurdboek sille oanbean wurde oan Dirk Blom (broer fan auteur Gosse Blom), Jannewietske de Vries (boargemaster fan Súdwest-Fryslân) en kultuerdeputearre Sietske Poepjes.

Period21 Mar 2019

Media coverage

1

Media coverage

Other

Title
LocationDe Foeke, Hylpen, Netherlands
Period29 Mar 2019
Linkhttps://www.fryske-akademy.nl/nijs-en-aginda/eveneminten/presintaasje-graet-hylper-wordebook/