Poepestek en Ekkelkaamp, Stellingwerver fjildnammen "een hiele uutzukeri'je"

Press/Media: Research

Description

Poepestek, Ekkelkaampe en Liemhoekie. Dat binne in pear fan de nammen fan stikken lân of bosk by Aldeberkeap dy't fêstlein binne. It boek is krekt presintearre.
De nammen binne jierren ferlyn opskreaun troch âld-hûsdokter Annema fan Aldeberkeap. Hy hat âldere ynwenners frege wat se noch wisten oan fjildnammen.
Mei de ynformaasje is nea wat dien, oant no. Yn it multyfunksjoneel sintrum yn Aldeberkeap waard freedtemiddei it boek presintearre dat gearstald is troch Wim de Boer en Henk Bloemhoff. Dit boek mei âlde fjildnammen by Aldeberkeap is it achtste diel yn in rige oer fjildnammen yn de hast fjirtich doarpen yn de Stellingwerven.
Period04 Jun 2023

Media coverage

1

Media coverage