"Provinsje moat fiif ton útlûke om Fryske Akademy te rêden"

Press/Media: Other

Description

De provinsje moat fiif ton útlûke om de Fryske Akademy te rêden. Dat skriuwt de taskforce dy't de provinsje sels ynsteld hat yn har advys oan de provinsje. De Fryske Akademy hat op dit stuit in struktureel tekoart fan 350.000 euro yn it jier.

Fluch yngripe is nedich om de Akademy oerein te hâlden, seit ek ferantwurdlik deputearre Avine Fokkens. "Het is bij de Akademy niet vijf voor twaalf, maar twee voor twaalf." Fokkens wol dêrom sa gau mooglik in foarstel fan it kolleezje fan Deputearre Steaten oer de Akademy nei provinsjale steaten stjoere. De twa rapporten binne woansdei al nei de steaten stjoerd.

Period04 Sep 2019

Media coverage

1

Media coverage