Ryk en provinsje ûnderhannelje oer it Frysk: dizze foarstellen bringt Fryslân yn

Press/Media: Other

Description

Anne Merkuur fynt dat it Ryk mear ta de bûse moat om in oplieding Frysk op bachelor- en masternivo te noedzjen. Finansiering moat ek garandearre wêze as de BFTK ôfrint.
Earder folgen in soad studinten it Frysk as twadde bachelor. Mar troch feroaringen yn stúdzjetiid en -kosten is dy ynstream folslein fuortfallen. Dêrtroch is it tal haadfakstudinten Frysk 'dramatysk' tebekrûn, skriuwt sy.
Neffens de Ried fan Europa is de posysje fan it Frysk op universiteiten sûnt 2001 allinne mar minder wurden. Mar de Frisistyk is de lêste skeakel yn de 'trochgeande learline Frysk' en as der gjin spesjalisten mear oplaat wurde, kin it fakgebiet him ek net ûntwikkelje.
Period11 Oct 2023

Media contributions

1

Media contributions