Stinne, skriuwe en skodholje: dit wie it Grut Frysk Diktee fan 2025

Press/Media: Public Engagement Activities

Description

It Grut Frysk Diktee hat in nije winner: Rikele Hollema. Hy makke mar fjouwer flaters. Dochs wie it gjin maklik diktee. "It wie in haadletterdrama", klonk út de hoeke fan de korrektoaren wei.
Der waard hiel wat skodholle yn de Steateseal fan it Provinsjehûs. Flaterfrij wie gjinien, mar trije kwalifisearre dielnimmers stutsen boppe de rest út.
Nynke Duijff-Veenstra wie ferline jier de winner, mar sy einige dit jier mei fiif flaters op it tredde plak. De twadde priis gie nei Maaike Andringa. Sy makke mar in heale flater mear as de winner: Rikele Hollema fan Earnewâld, mei fjouwer flaters.
Period09 Apr 2025

Media coverage

1

Media coverage

Other

Title
LocationProvinsjehûs, Ljouwert, Netherlands
Period21 Apr 2020
Linkhttps://fryskdiktee.nl/