Taalkundige Stephen Laker wol de kommende jierren ferskate artikels en boeken oer de Sealterfryske taal publisearje. Hy is berne yn Ingelân, wennet yn Japan en wurket oan de Kyushu Universiteit yn Fukuoka.
Hy is benammen ynteressearre yn de ferskillen tusken de trije Sealterfryske dialekten. Foar syn ûndersyk wie Laker ôfrûne wike yn Sealterlân, dêr’t er wiidweidich mei minsken út Strukelje (Strücklingen), Roomelse (Ramsloh) en Skäddel (Scharrel) prate oer de details fan harren fariant fan it Sealterfrysk.
Laker wurket nau gear mei taalkundigen Bouke Slofstra fan de Fryske Akademy yn Ljouwert en Henk Wolf fan it Seeltersk-Kontoor yn Roomelse. Hja hawwe Laker de ôfrûne tiid stipe by syn ûndersykswurk. Wolf is tige wiis mei de gearwurking mei Laker en dielt: Wy hawwe in protte kontakt en ûntdekke hieltyd nije, nijsgjirrige skaaimerken fan it Sealtersk. De ôfrûne jierren is in ynternasjonale ûndersyksgroep ûntstien, dy’t him mei it Sealterfrysk dwaande hâldt en Stephen spilet dêr in wichtige rol yn.”