Taalkundigen binne optein oer de unike lûdsopnamen fan 1927 út Fryslân wei. Dy hawwe net allinne taalkundige, mar ek kultuerhistoaryske wearde. "Ik tocht: wauw", seit Jelske Dijkstra fan de Fryske Akademy.
Dijkstra is as taalkundich ûndersiker tige wiis mei it lûd út it ferline. "Dit is prachtich. De no digitalisearre opnamen kinne mei yn de nije tiid." Dat der opnamen binne fan in iuw lyn, is hast unyk foar dy tiid.
"Miskien binne der noch âldere opnamen, mar dy soene al by it Meertens Instituut lizze moatte." Yn dat lanlike ynstitút wurdt de Nederlânske taal en kultuer ûndersocht.
Yn 1927 wie dit hiel ynnovatyf, seit Eric Hoekstra, dy't ek taalkundich ûndersiker is. "Yn dy tiid koene sy noch amper opnimme, dat diene sy mei in hiel primitive technyk." Mei it digitalisearjen is de lûdskwaliteit ferbettere: de 'kreakjes' binne der út helle.