Tal fan wittenskippers op Frysk kongres

Press/Media: Public Engagement Activities

Description

Friesch Dagblad, 09 december 2014, pagina 12.

Tal fan wittenskippers op Frysk kongres

Op it tweintichste Frysk filologekongres fan de Fryske Akademy komt de crème de la crème by elkoar om trije dagen lang te praten oer skiednis, taal, literatuer, kultuer en sosjology, allegear mei Fryslân as ramt.
Filology is in âld begryp út de foarige ieu, fertelt Eric Hoekstra, taalkundige oan de Fryske Akademy. ,,Hjoeddedei soest it geasteswittenskippen neame: alles wat mei taal en tinken te krijen hat. Wa't dêr komme? Wittenskippers fan de Fryske Akademy en it Frysk Ynstitút fan de Ryksuniversiteit Grins fansels. Sa'n kongres is lykwols ek in prachtige gelegenheid om wittenskippers út de hiele wrâld út te noegjen dy't sa út en troch ek mei in ûnderwerp dwaande binne dat te krijen hat mei it Frysk. Mar ek studinten komme del, of minsken út it fjild dy't aardichheid hawwe oan taal en tinken yn it ramt fan Fryslân."
,,De kontakten dy't op sa'n kongres lein wurde, smite letter altyd wat op", giet Hoekstra fierder. ,,Dat is no krekt de aardichheid fan dit kongres." In moarn of middei bestiet út in tal koarte lêzings fan tweintich minuten mei as klapstik in plenêre sessy lykas de sessy fan 'e seksje kultuerstúdzje/âld-Frysk op freedtemiddei wêryn't Sybren Sybrandy en Piter van Tuinen it nijste boek Geldzucht en godsvrucht oanbiede, in blomlêzing út brieven fan Rektor Reinerus Neuhusius (1608-1679).
Sels is de taalkundige o sa benijd nei de lêzing fan de Dútse wittenskipper Jürg Fleischer út Marburg dy't moarn de earste lêzing fan de trijedaagse foar syn rekken nimt.
,,Hy presintearret in ferhaal oer in enkête dy't yn 'e njoggentjinde ieu yn Dútslân ôfnommen is, de saneamde Wenker-enkête. Minsken waarden frege om fjirtich Dútske
sinnen oer te setten yn har eigen dialekt of (streek)taal. Dy enkête is sa bysûnder omdat it eins it earste grutskalige enkête-ûndersyk is yn de Noardfryske dialekten en dus de earste data dêroer jout. Mear as sechtich respondinten kamen út Noardfryslân en der binne ek noch seis Eastfriezen dy't der oan meidien hawwe."

Enkête
Letter waard dyselde enkête ek ôfnommen yn Nederlân. ,,Sa kamen der mear as hûndertfyftich Wenkeroersettings út Fryslân wei." Hoekstra is o sa benijd hoe't it njoggentjinde-ieuske Noardfrysk him no ferhâldt ta it Westerlauwersk Frysk. Oan no ta hat dêr nammentlik amper histoarysk dialektologysk ûndersyk nei west. ,,Sjoch, gefoelsmjittich is it Noardfrysk in hiel oare taal. It soe my net ferbaze dat út it ûndersyk nei foaren komt dat it Frysk in taalfamylje foarmet mei trije lykweardige leden: it Westerlauwersk, it Noarden it Eastfrysk. Ferlykje it mar mei it Nederlânsk en it Dútsk. Us Frysk ferhâldt him ta it Noardfrysk as it Nederlânsk ta it Dútsk."
Rebecca Colleran, in Britse promovenda út Edinburgh, sil twa dagen letter it âld-Frysk ferlykje mei it âld-Ingelsk. Mar earst sil André Looijnga moarntemiddei foar de seksje âld-Frysk noch op 'e tekst: Fryske wurden op in sechtjindeieuske grêfstien yn Easterein.

Taalweb

De seksje taalkunde nimt yn dy trije dagen sa'n trettjin lêzings fan in heal oere foar syn rekken. Op tongersdei, in dei nei it besprek fan de foarstellen fan de Fryske Akademy yn Provinsjale Steaten oangeande taalferoarings, sille Pieter Duijff, Frits van der Kuip en Hindrik Sijens yn twa lêzings nochris neier yngean op it troch harren ûntwikkele webportaal, it saneamde Taalweb, dat út in staveringshifker, in automatysk oersetprogramma ('Oersetter') en in wurdboekportaal bestiet.
Ek hawwe se it oer it online Nederlânsk-Frysk wurdboek dêr't it portaal it begjinpunt fan foarmet. Net te ferjitten de lêste oere dy deis, seit Hoekstra. ,,Philippus Breuker, Jarich Hoekstra, Hindrik Sijens, Lieuwe Westra en Alex Riemersma sille dan koart har ljocht skine litte oer de grutte betsjutting fan prof.dr. Anthonia Feitsma (1928-2009) en de bondel dy't oer har kommendeweis is. In soad minsken dy't op it kongres omstappe, kenne har noch út harren studintetiid oan de VU yn Amsterdam. Sy hat skiedkundich, taalkundich en as beweger in soad betsjutten foar de Frisistyk mar ek foar de ûnjouwing fan de minsken dy't hjir no omstappe."
Jaseker, teology falt ek ûnder de geasteswittenskippen, ferfolget Hoekstra. Kollega Wiebe Bergsma, skiedkundige, hat dêr al faak oer publisearre. Hy hat it programma foar de freedtemiddeis organisearre. Dêr sil Piter van Tuinen bygelyks te praat oer 'Lieuwe, Klaas en Ulrik, Friese jongens op de Latijnse school' oan 'e hân fan fyftjin wichtige Fryske skoalwetten út de santjinde ieu. It kin net oars of godtsjinst spilet net swak by."
It tweintichste Frysk filologekongres fynt fan 10 oant en mei 12 desimber plak yn De Koperen Tuin yn Ljouwert

Period09 Dec 2014

Media coverage

1

Media coverage

  • TitleTal fan wittenskippers op Frysk kongres
    Media name/outletFriesch Dagblad
    Date09/12/2014
    Producer/AuthorGerbrich van der Meer
    PersonsE. Hoekstra