It is 400 jier lyn dat stedhâlder Willem Lodewijk ferstoar, 'Us Heit' foar de Friezen. Wat kin de hjoeddeiske maatskippij yn coronatiid leare fan in 17de- iuwske regint? Fryslân DOK giet 'Te rie by Ús Heit'.
Tegearre mei syn neef Maurits boude stedhâlder Willem Lodewijk van Nassau-Dillenburg it nije Nederlân op, dat ûntstie yn de Tachtichjierrige Oarloch. Willem Lodewijk wie in briljant militêr strateech, dy't deryn slagge de oermachtige Spanjerts te ferdriuwen út de noardlike gewesten fan de republyk. Hy fernijde it bestjoer yn it noarden en rjochte universiteiten op yn Frjentsjer en Grins. It wie in tiid fan gaos en ûnwissens. Dochs toande hy him in 'onberispelijke' lieder troch in dúdlike eigen koers te farren, wylst hy tsjinstelde belangen en stridende partijen yn har wearde liet. Willem Lodewijk groeide út ta in steatsman mei in geweldich moreel gesach. Sa grut, dat hy 'Vader des Vaderlands' waard foar de noarderlingen - Us Heit.
Hjoed-de-dei witte net folle Friezen mear wa't Willem Lodewijk wie. Is der dan gjin ferlet mear fan sa'n liedsman? Of lit in coronafirus sjen dat der yn tiden fan krisis krekt wól in lieder mei grut moreel gesach nedich is? Yn de Fryslân DOK 'Te rie by Us Heit' siket histoarikus Josse Pietersma nei de betsjutting dy't Willem Lodewijk just no ha kinne soe.