De Fryske Akademy wol sa'n seis banen skrasse. Dat is nedich om wer finansjeel sûn te wurden. It wittenskiplik ynstitút yn Ljouwert jout struktureel mear jild út as dat binnenkomt, om krekt te wêzen sa'n 350.000 euro. As dizze situaasje te lang duorret, driget op termyn de finansjele ûndergong. Om dat probleem op te lossen, hat ynterim-direkteur Willem Smink yn septimber ferline jier op de Akademydei in reorganisaasjeplan presintearre yn oanwêzichheid fan deputearre Sietske Poepjes.


Om ek reorganisearje te kinnen, hat de Fryske Akademy tastimming en meiwurking nedich fan de provinsje Fryslân en fan de Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen (KNAW), want dy binne tegearre baas oer it ynstitút. Smink hat hjirfoar ferline jier in reorganisaasjeplan mei in stikmannich fragen ynlevere op it Provinsjehûs en wachtet sûnt dy tiid op in antwurd fan deputearre Sietske Poepjes. Smink fynt it ferfelend dat dat sa lang duorret, want yn tuskentiid wurde de finansjele problemen fan de Akademy allinnich mar grutter

References

TitleUntslaggen Fryske Akademy needsaaklik om jildpine op te lossen
Degree of recognitionRegional
Media name/outletOmrop Fryslân
Media typeOnline journalism
CountryNetherlands
Date15/03/2019
Producer/AuthorOnno Falkena
URLhttps://www.omropfryslan.nl/nijs/873707-untslaggen-fryske-akademy-needsaaklik-om-jildpine-op-te-lossen
PersonsWillem Smink

Description

De Fryske Akademy wol sa'n seis banen skrasse. Dat is nedich om wer finansjeel sûn te wurden. It wittenskiplik ynstitút yn Ljouwert jout struktureel mear jild út as dat binnenkomt, om krekt te wêzen sa'n 350.000 euro. As dizze situaasje te lang duorret, driget op termyn de finansjele ûndergong. Om dat probleem op te lossen, hat ynterim-direkteur Willem Smink yn septimber ferline jier op de Akademydei in reorganisaasjeplan presintearre yn oanwêzichheid fan deputearre Sietske Poepjes.


Om ek reorganisearje te kinnen, hat de Fryske Akademy tastimming en meiwurking nedich fan de provinsje Fryslân en fan de Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen (KNAW), want dy binne tegearre baas oer it ynstitút. Smink hat hjirfoar ferline jier in reorganisaasjeplan mei in stikmannich fragen ynlevere op it Provinsjehûs en wachtet sûnt dy tiid op in antwurd fan deputearre Sietske Poepjes. Smink fynt it ferfelend dat dat sa lang duorret, want yn tuskentiid wurde de finansjele problemen fan de Akademy allinnich mar grutter

Period15 Mar 2019

ID: 9740337