Wa skriuwt it Lyts Frysk Diktee op syn of har namme?

Press/Media: Public Engagement Activities

Description

Leafst trijehûndert learlingen út groep 8 fan ferskillende basisskoallen yn Fryslân diene mei oan de foarronden fan it Lyts Frysk Diktee. Fan harren bleaune 23 oer en dy nimme it tiisdeitemiddei tsjin elkoar op yn de finale yn it provinsjehûs yn Ljouwert.

Kin it Lyts Frysk Diktee sjoen wurde as it bruorke fan it Grut Frysk Diktee? "Sa soest it wol sizze kinne ja", seit Hindrik Sijens fan de Fryske Akademy, ien fan de organisatoaren fan it Lyts Frysk Diktee. "It grutte diktee foar de grutte minsken en it lytse diktee foar de skoalbern. By it Lyts Frysk Diktee is der in koartere tekst as by it Grut Frysk Diktee. Dat slút ek oan by de praktyk op skoalle."

Skriuwster Lida Dijkstra sil it bernediktee, dat út tsien koarte sinnen bestiet, foarlêze. "Wy tinke wol dat de bern har kenne. De tekst is gearstald út boeken dy't Lida skreaun hat. Fan dy sinnen is in logyske ienheid fan makke."

Period16 Apr 2019

Media coverage

1

Media coverage

Other

Title
LocationProvinsjehûs, Ljouwert, Netherlands
Period16 Apr 2019