Ympuls foar kwaliteit basisûnderwiis

  • E.L. Klinkenberg

Press/Media: Research

Description

It ûnderwiisprojekt Boppeslach hat in positive bydrage oan de ûnderwiiskwaliteit fan de dielnimmende skoallen levere. Dat konkludearret de Fryske Akademy yn it ûndersyk nei de effekten fan it projekt. Yn 2006 wiene der relatyf in soad swakke en tige swakke skoallen yn Fryslân. Medio 2016 heart de provinsje Fryslân by de lanlike top 3 mei it lytste tal (tige) swakke skoallen.

Sawat 250 skoallen yn Fryslân krigen in subsydzje foar it ferbetterjen fan de kwaliteit fan it ûnderwiis. Mei it subsydzje koene skoallen nije metoaden en materiaal oantuge. Se koene de ekstra bydrage ek foar de profesjonalisearring fan skoallieders en learkrêften ynsette. De tredde opsje wie it ynsetten fan tydlike ekstra formaasje foar it trochfieren fan kwaliteitsferbetteringen.

Mei de ûnderwiisnotysje Boppeslach hat de provinsje € 15,5 miljoen yn it ûnderwiis ynvestearre. It projekt hat de learprestaasjes op it mêd fan taal, rekkenjen en kennis fan de wrâld ferbettere. Wichtich njonkeneffekt fan it projekt is it fergrutsjen fan it kwaliteitstinken yn it ûnderwiis. Skoalbestjoerders likegoed as learkrêften binne posityf oer it projekt.

Period22 Jul 2017

Media coverage

1

Media coverage