Abstract
Alpita de Jong pleitet yn har proefskrift Knooppunt Halbertsma
(2009) foar in behanneling fan it Frysk yn gearhing mei de skiednis
fan it Nederlânsk. Joast Halbertsma hie as njoggentjinde-iuwer
nammentlik útdruklik in byld fan in taalkundich kontinuüm tusken it
Nederlânsk, it Sted(fry)sk en it Frysk sketst en it Frysk dus - lykas no
gebrûklik - net as aparte taal. It die bliken dat yn de earste helte fan
de njoggentjinde iuw dat byld troch taalwittenskippers yn it algemien
brûkt waard, ek yn de fermiddens fan de Frjentsjerter universiteit en
it Frysk Genoatskip. Dy fyzje boude fuort op de tinkbylden fan de
foargeande iuw. De troch Halbertsma bewûndere heechlearaar
Gryksk Tiberius Hemsterhuis liet it Nederlânsk út ûnderskate
Nederlânske fariëteiten fuortkomme analooch oan hoe't it Koiné-
Gryksk him yn it ferline lykwichtich ûntjûn hie út meardere Grykske
dialekten. In gefolch fan dy fyzje wie dat de Fryske fariant fan it
Nederlânsk, letter ek beneamd mei 'Stedfrysk', in mingtaal wêze soe.
Ferskate taalwittenskippers, Nederlânske mar ek Fryske, sette de
fyzje fan Halbertsma en tiidgenoatenen nei dy tiid fuort troch it
spesifike stedsdialekt yn Fryslân as in mingtaal fan Nederlânsk en
Frysk te beskôgjen.

Original language | Frisian |
---|---|
Pages (from-to) | 94-107 |
Journal | De Vrije Fries |
Volume | 101 |
Publication status | Published - 21 Dec 2021 |