De ôfrûne desennia is der troch ferskate ûndersikers stûf trochwurke oan it ûndersyk nei it Aldfryske korpus oan rjochtsteksten en it Aldfrysk as taal. Ek it ûndersyk nei midsiuwsk Fryslân en de Fryske Frijheid hat net stil stien. Yn syn praatsje sil Han in status quaestionis jaan en sjen litte wêr’t it ûndersyk de kommende tiid oer gean sil. Oandachtspunten: in gronology fan de Aldfryske oerlevering (11e – 15e iuw), de woartels fan de Westerlauwerske oerlevering, de ynfloed fan it gelearde rjocht, de Nederdútske oerlevering en de adel en einierden yn midsiuwsk Fryslân.