Jelle Brouwer: in heit út tûzen

Spoelstra, J. (Organisator), de Vries, M. (Organisator)

Activiteit: Deelname aan of organisatie van een evenementWorkshop, seminarMaatschappelijk

Beschrijving

Jelle Hindriks Brouwer
Prof. dr. Jelle Hendriks Brouwer (1900-1981) hat ien fan de sintrale figueren yn de 20ste-iuwske Fryske Beweging west. Begûn as dichter en as meiwurker oan de Buma Biblioteek, wurke er himsels troch stúdzje omheech. Sa waard er mei-oprjochter fan de Fryske Akademy, de earste heechlearaar Frysk yn Nederlân (yn Grins), ynfloedryk direk¬teur fan de Fryske Akademy. Koartsein: organisator en oanpoener.
De wrâld fan it Frysk en de Fryske kultuer hiene der oars útsjoen sûn¬der dizze bysûndere boeresoan út Beetstersweach.
Ien fan Brouwer syn twa soannen, Hindrik, sil op dizze middei op ’e tekst, net sasear oer de rol fan Brouwer as wittenskipper en bewegings¬man, mar as heit en famyljeminske. Prof. dr. Goffe Jensma (heech¬learaar Frysk RUG) hâldt in koarte ynlieding oer de betsjutting fan Brouwer foar de Fryske kultuer en wittenskip.
Periode25 jan 2019
EvenementstypeOverig
LocatieLeeuwarden, Nederland
Mate van erkenningRegionaal