17e-ieusk eroatysk Frysk liet út West-Fryslân fûn

Pers / media: Onderzoek

Beschrijving

Yn de santjinde ieu waard der yn Noard-Hollân hjir en dêr noch Frysk praat. No is der in Frysktalige liettekst opdûkt út 1643, út de streek Wetterlân. It is in eroatysk fers. De ûntdekker is Arjen Versloot, perfester foar it Frysk oan de Universiteit fan Amsterdam.

It ferske begjint mei de rigels ‘Myn liaf is een soo swieten dier, soo molle bolle femke.’ (‘Myn leaf is sa’n swiet dier, sa’n mûtel bol famke’). It stiet yn in boekje mei fierder Hollânsktalige leafdesferskes, dat as titel hat d’Amsteldamsche Minne-zuchtjens. It Fryske gedicht is 48 rigels lang en frijwat seksueel. Sa seit de sjonger tsjin in famke ‘dyn amer is lek, lit ús it lek tichtsje’. Dêr wol er dan syn ‘klontere molke’ wol foar brûke.

It Fryske taalgebiet wie yn ‘e betide midsieuwen folle grutter as no. In part fan West-Nederlân wie Frysktalich, lykas it hjoeddeiske Grinslân, it Dútske East-Fryslân en it no noch Frysktalige Noard-Fryslân. Yn wat no Noard-Hollân is, wie it Frysk oan ‘e ein fan ‘e midsieuwen al fierhinne weiwurden, mar it Wetterlân wie in útsûndering. Dat bestie út tige isolearre doarpkes en huzen, op eilantsjes yn it fean. Troch dy isolaasje koe it Frysk it dêr oan ‘e santjinde ieu ta folhâlde.

Periode25 apr 2018

Media-aandacht

1

Media-aandacht