Fryske Akademy docht foarearst neat mei flomke foar fagina

Pers / media: Publieke betrokkenheidsactiviteiten

Beschrijving

De Fryske Akademy docht foarearst neat mei it neologisme 'flomke'. Woansdei waard by IepenUp-live bekend dat dat it nije Fryske wurd foar fagina is. Hindrik Sijens fan de Fryske Akademy seit dat it wurd earst faak brûkt wurde moat troch sprekkers fan de taal om kâns te meitsjen yn it Frysk Wurdboek te kommen.

"Wy hawwe mei belangstelling mei dizze ferkiezing meisjoen", seit Hindrik Sijens fan de Fryske Akademy. "Dit is in ferkiezing dêr't minsken dy't Frysktalich binne yn meitinke oer nije wurden foar de taal. Wurdboeken moatte de taalrealiteit werjaan. 'Flomke' is dan no wol keazen, mar it moat fansels noch wol ynboargerje en dat is foar dit wurd noch net oan te jaan.

Sijens hat ek foarbylden fan neologismen dy't it Fryske wurdboek net helle hawwe: "In pear jier ferlyn wie der in ferkiezing foar it Nederlânske wurd 'bezorgbromfiets' foar bygelyks pizza's. It wurd dat der útkaam, wie in hiele goede fynst, nammentlik 'bringbrommer'. Dat wurd is lykwols net ynboargere, dat dat hoecht ek net yn in wurdboek. Nimmen sil derom sykje."

Periode28 feb. 2019

Media-aandacht

1

Media-aandacht