Geheimsinnige túnfynst is nij pronkstik foar Kollumer Museum

Pers / media: Publieke betrokkenheidsactiviteiten

Beschrijving

It Kollumer Museum iepenet takom wike moandei har duorren mei in gloednij pronkstik: in saneamde 'alsengem'. It amulet út de midsiuwen waard yn 2000 fûn troch Westergeaster Henk Dijkstra: "Wy wiene de tún oan it renovearjen en doe seach ik wat lizzen. Sûnder der acht op te slaan pakte ik it op en treau ik it yn 'e bûse. Ik tocht: it is in knoop."
Dijkstra hie it stikje histoarje noch yn 'e bûse sitten doe 't er doarpsgenoat en histoarikus Oebele Vries trof oan de bar by in gearkomste fan doarpsbelangen. Vries, dy't ek yn it bestjoer fan it Kollumer Museum sit, wit noch goed hoe fernuvere hy wie: "Hie er dat dinkje ynienen yn de hân. Ik skuorde grutte eagen op. Jonge! Dat is in alsengem! Dat is hiel bysûnder!

Periode25 jun 2021

Mediabijdrages

1

Mediabijdrages