Grut Frysk Diktee giet tongersdei net troch fanwege min waar

Pers / media: Publieke betrokkenheidsactiviteiten

Beschrijving

It waar is ûnfoarspelber en dat is foar in soad eveneminten faak in stroffelblok. Dat jildt ek foar it Grut Frysk Diktee dat no tongersdei yn de iepen loft wêze soe, op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Der wurdt min waar ferwachte en dêrom hat de organisaasje besletten it evenemint net trochgean te litten. It diktee wurdt ferset nei nije wike woansdei 27 juny. Dit wie al de reservedatum, dy't yn it foar kommunisearre is mei alle dielnimmers.

De organisaasje hat him op waargebiet advisearre litten troch Piet Paulusma. De waarman ferwachtet foar tongersdei oanhâldende rein, hurde wyn en kjeld. Hindrik Sijens fan de Fryske Akademy fynt it spitich dat it evenemint tongersdei net trochgiet, mar wol de minsken net yn it minne waar wurkje litte. "Ik baalde wol doe't ik it hearde en wie der even stil fan. Mar de knop moat om. Foar 27 juny liket it waar wol goed te wurden."
De 680 dielnimmers oan it Grut Frysk Diktee krije noch in mail fan de organisaasje, wêryn't sy op 'e hichte steld wurde fan de nije datum

Periode18 jun. 2018

Media-aandacht

1

Media-aandacht