Hanno Brand beneamd ta bysûnder heechlearaar

Pers / media: Onderzoek

Beschrijving

Hanno Brand is mei yngong fan 1 febrewaris beneamd ta bysûnder heechlearaar Fryslân yn de hannelsnetwurken fan pre-yndustrieel Europa (1000-1800) foar de Fryske Akademy oan de Fakulteit der Letteren, Ryksuniversiteit Grins (RUG). Brand sil de funksje foar in perioade fan fiif jier, ien dei yn ’e wike ferfolje binnen de ôfdieling Skiednis (learstoel Midsiuwske skiednis).

Brand sil him dwaande hâlde mei it jaan fan ûnderwiis en ûndersyk op it mêd fan de skiednis fan de Fryske hannelsnetwurken yn it tiidrek 1000-1800. De kommende jierren sil er syn ekspertize op dat gebiet útbouwe yn relaasje ta it profyl en de misje fan de Fryske Akademy. Dat hâldt yn dat Brand neist it ûndersyk ek in bydrage leverje sil oan it (digitaal) tagonklik meitsjen fan skriftlik Frysk erfgoed, him rjochtet op de spearpunten yn de E-humanities en him beweecht op it snijflak fan wittenskip en falorisaasje. Dêrnjonken sil Brand behelle wêze by relevante ûntjouwingen yn it letteredomein fan Campus Fryslân, de alfde fakulteit yn oprjochting fan de Ryksuniversiteit Grins.

Ferskate Fryske fûnsen, wêrûnder de Kingma Stichting, jouwe jierliks middels foar de ko-finansiering fan dizze learstoel. De Kingma Stichting sterket it ûndersyk fuort nei de skiednis fan skipfeart, rederij en keaphannel yn Fryslân.

Oer Brand
Hanno Brand (1959) studearre skiednis fan de midsiuwen oan de universiteiten fan Leien en Gent. Neidat er wurke hie as dosint en ûndersiker by beide universiteiten en as postdok en projektlieder oan it Deutsches Historisches Institut yn Parys, stapte er yn 2001 oer nei de RUG. Hy wurke as dosint en postdok-ûndersiker by de fakgroep midsiuwske skiednis en wie lieder fan it Hanze Stúdzjesintrum. Brand die yndertiid ûndersyk nei de relaasjes tusken de Nederlannen en de Hanze yn de fyftjinde en sechstjinde iuw.

Yn 2009 kaam er yn tsjinst fan de Fryske Akademy en begûn dêr as haad fan de fakgroep skiednis. Sûnt rjochtet syn ûndersyk him op de Hanze, de Fryske steedhâlders en de Fryske maritime skiednis yn de iermoderne tiid. Nei in koart ynterimskoft waard er yn desimber 2013 beneamd ta direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy.

Periode18 jan. 2017

Media-aandacht

1

Media-aandacht