Hoe docht de metaalsektor yn Noardeast-Fryslân it?

    Pers / media: Onderzoek

    Beschrijving

    De Fryske Akademy en it Kennis- en Ynnovaasjehûs Noardeast-Fryslân (KEI NOF) út Bûtenpost dogge tegearre ûndersyk nei de metaalsektor yn Noardeast-Fryslân. Se fokusje dêrby op ûntwikkelingen op it mêd fan ynnovaasje en gearwurking.

    KEI NOF rjochtet him op ûndernimmers yn Noardeast-Fryslân dy't binnen de metaalsektor operearje. It wol ûnder oare witte oft der ferlet is fan it opsetten fan in Ynnovaasjekluster Metaal.

    De Fryske Akademy is koartlyn úteinset mei in ûndersyk nei fiif sektoaren yn Noardeast-Fryslân. Yn dat ûndersyk wurde trends en ûntwikkelingen beneamd, mei as doel in bydrage te leverjen oan it opsetten fan belied troch ûndernimmers en bestjoerders.

    Periode07 nov. 2016

    Media-aandacht

    1

    Media-aandacht