It fertutearzjen fan it Frysk; is de technologyske ‘redding nabij’?

Pers / media: Onderzoek

Beschrijving

Tiisdeitejûn 28 augustus krige Hans van der Velde gelegenheid om syn ljocht skine te litten oer ‘It fertutearzjen fan it Frysk’ mei as ûndertitel ‘Is de technologyske redding nabij?’ Dat wie net de earste kear dat hy dêroer oan it wurd kaam, want Van der Velde is net allinne ferbûn oan de Fryske Akademy, mar hy wurket dêrneist yn  dieltiid oan de Universiteit fan Utert. Der hold er op 4 maart 2020 syn yntree as heechlearaar ‘Sosjolinguistyk, oangeande de taalfariëteiten yn Fryslân’. Dy oraasje hie deselde titel as syn ferhaal op dy augustusjûn yn de Botniastins.

Periode12 sep. 2024

Media-aandacht

1

Media-aandacht