"Jongeren binne minder skruten om it Frysk te brûken"

  • E.L. Klinkenberg

Pers / media: Expertcommentaar

Beschrijving

Fan alle Nederlanners, fiele Friezen harren it meast ferbûn mei de eigen provinsje. Dat docht bliken út ûndersyk út opdracht fan alle regionale omroppen en de NOS. Benammen de Fryske taal wurdt faak neamd as saak dêr't de Friezen grutsk op binne. Benammen de jongeren binne grutsk op it Frysk. Hoe komt dat?

"Jongeren binne minder skruten om it Frysk te brûken, se binne minder benaud om flaters te meitsjen", seit Edwin Klinkenberg fan de Fryske Akademy.

"De status fan it Frysk hat noch noait sa heech west as no. Kinst it Frysk op alle maatskiplike mêden brûke, dat wie earder wol oars. Yn Ljouwert kinst ek oeral it Frysk brûke, dat wie earder net sa."

Ut it ûndersyk komt nei foaren dat 31 prosint fan de Friezen altyd Frysk praat mei freonen of famylje. Yn resint ûndersyk fan de Fryske Akademy leit dat folle heger, op sa'n 50 prosint. "Dat leit oan de fraachstelling."

Periode11 mrt. 2019

Media-aandacht

1

Media-aandacht