Opnij rekôrtal dielnimmers oan kwalifikaasje Grut Frysk Diktee

Pers / media: Publieke betrokkenheidsactiviteiten

Beschrijving

Der hawwe dit jier 372 minsken meidien oan de kwalifikaasje foar It Grut Frysk Diktee, dat binne der 115 mear as ferline jier. De 20 bêsten dêrfan meie meidwaan oan de grutte finale op 23 maaie yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert.
Dat der dit jier sa'n soad minsken oan de kwalifikaasje meidien hawwe is echt fantastysk, seit sjueryfoarsitter Hindrik Sijens fan de Fryske Akademy: "It Frysk libbet by jong en âld, dat sjogge je ek oan de 20 dielnimmers dy't oan de finale meidogge: seis fan de tweintich finalisten binne jonger as tritich. Dêr binne wy hiel bliid mei."
De dikteetekst is dit jier skreaun troch sjongeres Iris Kroes en it giet oer in bepaalde faze yn it libben.
Periode09 mei 2023

Media-aandacht

1

Media-aandacht

Overig

TitelGrut Frysk Diktee
LocatieProvinsjehûs, Ljouwert, Nederland
Periode21 apr. 2020
Linkhttps://fryskdiktee.nl/