Praat (noch) mar Frysk

Pers / media: Onderzoek

Beschrijving

We betsjinje hieltyd mear apparatuer mei spraaktechnology, en yn de neiere takomst sil dat allinnich mar tanimme. Dy kommunikaasje dogge we yn it Ingelsk of yn it Nederlânsk, en dêrmei kin it Frysk wer in funksje yn ús maatskippij kwytreitsje.
Mar de rêding komt mooglik fan it radio-argyf fan Omrop Fryslân.

Dat wurdt ynkoarten folslein ûntsletten – audiofragminten binne dan online op te sykjen en beskikber fia in nagelnije sykmasjine. Dy wurket mei spraaktechnology: de kompjûter herkent it sprutsen wurd fan de radiofragminten. Spesjaal foar dit projekt is in Fryske spraakherkenner boud troch de Radboud Universiteit fan Nijmegen. In lestich karwei, omdat it Frysk en it Nederlânsk faak troch inoar hinne brûkt wurde en de kompjûter dus beide werkenne moat.

Dizze spraakherkenner kin lykwols de motor wurde fan allegearre oare spraaktechnology, wêrmei’t we mooglik aanst ús apparatuer ek yn it Frysk betsjinje kinne.

Periode14 okt 2018

Mediabijdrages

1

Mediabijdrages