Spraakwerkenning wurdt ek foar it Frysk mooglik makke

Pers / media: Onderzoek

Beschrijving

Omrop Fryslân, de Fryske Akademy en de Radboud Universiteit wurkje oan in programma foar automatyske spraakwerkenning. Om dy Fryske spraakwerkenning te trainen is begûn mei it úttypen fan sa'n 200 oeren radio-útstjoerings. Twa meiwurkers fan de Fryske Akademy wurkje dêroan.

Automatyske spraakwerkenning is der al foar it Nederlânsk en guon oare talen, mar noch net foar it Frysk. Dêrmei moatte Fryske saken yn grutte argiven makliker fûn wurde kinne. Der binne ek tapassings op de smartphone mooglik.

De Radboud Universiteit yn Nijmegen makket de software mei de namme FAME om yn earste ynstânsje yn it argyf fan Omrop Fryslân maklik sykje te kinnen. Bygelyks nei in audio-fragment fan Rients Gratama fan fyftich jier lyn. It kin ek aardich wêze om te sjen hoe't syn taalgebrûk feroare is.

Periode02 jul. 2015

Media-aandacht

1

Media-aandacht