Undersiker fan Fryske Akademy nei Amearika foar ûndersyk nei taalferoaring

Pers / media: Onderzoek

Beschrijving

Dr. Cesko Voeten fan de Fryske Akademy krijt in subsydzje, wêrmei't er twa jier yn Amearika ûndersyk dwaan sil nei de oarsaken fan taalferoaring.
Voeten krijt de belangrike Rubicon-subsydzje om ûndersyksûnderfining op te dwaan yn it bûtenlân. Hy sil twa jier nei de University of Pennsylvania foar syn ûndersyk.
De subsydzje wurdt takend troch de NWO (Nederlandse Organisatie voor Wetenschappelijk Onderzoek) foar Nederlânske wittenskippers dy't noch net sa lang lyn promovearre binne.
Voeten sil yn gearwurking mei taalkundigen en biologen yn syn ûndersyk taalferoaring mei in evolúsjonêre bril besjen. Mei techniken út de biology en de taalwittenskip sil er in grutte database fan klinkertferoaringen yn it dialekt fan Philadelphia analysearje.

Periode25 apr. 2022

Media-aandacht

1

Media-aandacht