Unike fynst by Wytmarsum: 'pommelkap' bringt Fikingtiid ta libben

Pers / media: Expertcommentaar

Beschrijving

In opmerklike fynst: yn Wytmarsum helle archeologyleafhawwer Sander Visser út Lelystad in stik fan in fikingswurd út de grûn. It stik wurdt no presintearre yn it Fries Museum.
It giet om in saneamde 'pommelkap' út de tsiende iuw. Dat is in stik fan it hânfet fan in swurd, bedoeld foar fersiering. It ding is fan koper en wie eartiids fergulde. It is foar it earst yn Nederlân dat sa'n stik fûn is.
"It fersterket ús begryp fan de kontakten tusken Frisia en de Fikingwrâld yn Scandinavië en de Britske eilannen", seit Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, direkteur fan de Fryske Akademy.
Periode19 nov. 2024

Mediabijdrages

1

Mediabijdrages