Youtuber en wrâldboarger Vinkenoog koesteret it Frysk: “Net samar in dom taaltsje”

  • Hilbert Vinkenoog

Pers / media: Publieke betrokkenheidsactiviteiten

Beschrijving

De 23-jierrige Vinkenoog komt út Ingelân, mar hat Fryske roots en is folop dwaande om dy werom te finen. Fia syn heit syn famylje is der in link mei Fryslân, al hat dy sels earder yn Amsterdam wenne. Syn heit hat ea de kar makke om Frysk te learen en krekt dêrtroch is Hilbert oanstutsen. It resultaat: Vinkenoog is no in Fryskpratende Ingelskman dy't thús grutbrocht is mei it Nederlânsk.
Berne yn it Ingelske Bath is er op syn fjirde nei it noardeasten fan it lân ferhûze, yn de omkriten fan Newcastle. Dêr waard wer hiel oars Ingelsk praat. Fan taal en taalferskillen wie er him op jonge leeftiid al bewust. Yntusken wennet er yn Grins mei Fryske studinten en rint er staazje by de Fryske Akademy yn Ljouwert.

Periode07 nov. 2023

Media-aandacht

1

Media-aandacht