Samenvatting
Yn it yn 2018 ferskine rapport “De ymplemintaasje fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen yn Nederlân sûnt it ratifisearjen yn 1996”, dat skreaun waard troch Buning-Oosten & Kuipers-Zandberg fan it Mercator Europeesk Kennissintrum yn opdracht fan DINGtiid, waard yngien op de ymplemintaasje fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen (hjirnei: it Hânfêst) yn Nederlân sûnt de ratifikaasje. Doe’t dy stúdzje útfierd waard wiene der fiif rapportaazjes beskikber fan de Rie fan Europa (fan 2001 oant 2016), dy’t yn it DINGtiid-rapport wiidweidich taljochte en analysearre binne. Yn 2019 hat de Rie fan Europa in nije rapportaazje útbrocht, de seisde.
Dizze update is bedoeld as oanfolling op it DINGtiid-rapport dat skreaun waard yn 2018 en giet fierder dêr’t dat rapport ophâlden is. Yn dizze update sil de lêste rapportaazje fan de Kommisje fan Eksperts fan de Ried fan Europa (hjirnei: KomEks) fan 2019 ferlike wurde mei de 5e rapportaazje fan de KomEks fan 2016, per artikel dat ratifisearre wurden is ûnder part lll fan it Hânfêst. Foar de eftergrûnynformaasje fan it Hânfêst en de skiednis fan de ymplemintaasje fan de artikels wurdt ferwiisd nei it DINGtiid-rapport fan 2018.
Foar dizze update wurdt, útsein de ynhâldlike ferliking en analyze, ek ferslach dien oer wat de feroaringen yn de systematyk fan de Rie fan Europa binne oangeande de besites fan de KomEks en de rapportaazjes.
Dêrneist wurdt de tabel dy’t yn ien eachopslach dúdlik makket oan hokker artikels Nederlân foldocht en oan hokker net (sjoch DINGtiid-rapport 2018, side 9), oanfolle mei de gegevens fan 2019.

Originele taal-2 | Fries |
---|---|
Uitgeverij | Orgaan foar de Fryske taal DINGtiid |
Aantal pagina's | 76 |
Status | Gepubliceerd - mei 2021 |