Midsiuwsk en Modern Muontsewurk. In edysje fan it Alfryske hânskrift Jurispruentia Frisica

Onderzoeksoutput: Bijdrage aan wetenschappelijk tijdschrift/periodieke uitgaveArtikelWetenschappelijk

Samenvatting

De stúdzje fan it Aldfrysk begjint lang om let nasjonaal en ynternasjonaal it omtinken te krijen dat it fertsjinnet. Ferline jier kaam in edysje plus Ingelske oersetting út fan de ynkunabel Freeska Landriucht, printe om sirka 1485 hinne en tagelyk de kolleksje klassyk Aldfrysk rjocht dy’t men de muoite wurdich fûn om te printsjen én it âldste boek yn it Frysk. De edysje is foar eltsenien te downloaden fia open access en dat is dan al in pear tûzen kear bard. It jier dêrfoar, yn 2022, waard de grutste kolleksje Aldfryske hânskriften, de Von Richthofenkolleksje dy’t yn Tresoar yn Ljouwert leit, opnommen yn it Unesco World Memory Register.
Originele taal-2Fries
TijdschriftFrisistyk. Online tydskrift foar taal- en letterkunde
StatusGepubliceerd - 20 jul. 2024

Citeer dit