Sa leit it lân derhinne: Frysk yn wet, bestjoer en kennnisfjild

Ydwine Scarse, Jan Ybema

Onderzoeksoutput: Boek/RapportBoekPopulair

Samenvatting

Fryslân is in meartalige provinsje: it Nederlânsk en it Frysk binne beide offisjele talen. Dat makket Fryslân, mar ek de rol fan Provinsjale Steaten, bysûnder. Gjin oare provinsje yn Nederlân hat sa’n wiidfiemjend taal- en kultuerbelied mei safolle eigen foech as Fryslân. Mar wat stiet der eins yn 'e nasjonale wetten, wat binne de Europeeske ferplichtings no krekt, en hoe is it eins regele mei it Frysk yn it ûnderwiis?

"Sa leit it lân derhinne" jout in hânsum oersjoch fan de wetten, ôfspraken en ynstellings dy’t mei it Frysk te krijen hawwe. It is publisearre troch Mercator Europeesk Kennissintrum en ornearre foar beliedsmakkers, bestjoerders, folksfertsjintwurdigers en oare belangstellenden.



Originele taal-2Fries
UitgeverijMercator European Research Centre on Multilingualism and Language Learning
Aantal pagina's24
StatusGepubliceerd - 30 sep. 2024

Keywords

  • Frysk
  • wettelijk
  • bestuurlijk
  • convenanten
  • onderwijs

Citeer dit